woensdag 02 februari 2011 om 01:00 door redactie in dossier “
Sikefûns It GIld”
GROU - It Gild hat mei 366 it grutste oantal leden sûnt de oprjochting op 5 maaie 1776. Dat makke foarsitter
Jan Feike Hoekstra tiisdeitejûn bekend op de 235ste jiergearkomst fan
dit Grouster sikefûns. Op de gearkomste kamen in protte leden ôf, de seal fan Oostergoo wie ôfladen. Se harken ûnder oaren nei in 10-minuten praatsje fan Gild-lid
Jappie Kooistra en fan de ferhalen fan skriuwer Hylke Speerstra. It bestjoer seach ek al foarút op de jiergearkomste fan 2012, op tiisdei 7 febrewaris. Foar dy jûn is de beskermhear fan It Gild, de hear Hans Wiegel frege.