zaterdag 03 oktober 2009 om 11:36 door redactie in dossier “
Personalia”
 |
|
It byld fan Eeltsje Halbertsma by de betinking fan syn 150-ste stjerdei yn 2008. |
GROU -
Tongersdei 8 oktober lizze leden fan de ôfdieling Grou fan
Vrouwen van Nu blommen by it byld fan Eeltsje Halbertsma. Op dy dei is it 212 jier lyn dat Halbertsma -yn Grou ek 'dokterom' neamd- berne waard. Hy wie dokter yn Grou en ferneamd skriuwer en letterkundige. Eeltsje stoar op 22 maart 1858. Syn boarstbyld stiet sûnt 1903 oan de Parkstrjitte en is makke troch Johann Hinrich Schröder yn opdracht fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse. It byld is sá delsetten, dat er it sicht op de Sint Pitertoer hâldt.
De betinking is moarns om 9.30 oere.