Sint en Pyt rêstich nei Spanje werom

Dinsdag, 21 Februari 2012 23:49

Sint en Pyt op de sleepboat.

GROU - Sint Piter en Swarte Pyt ha tiisdeitemiddei ôfskie nommen fan Grou. Loko-boargemaster Felix van Beek neamde noch efkes de grutte belangstelling fan de bêrn foar it sliepplak fan Sint Piter yn de Sint Pitertsjerke. Sint Piter fûn it wol in neidiel dat de klok fan de toer alle oeren sloech. "Dy giet as in mokerslach troch jo hinne". Dernei gong eltsenien nei de Nieuwe Kade wêr't in sleepboat foar harren klear lei. Omdat Swarte Pyt wat heal wie, hie er dizze kear by it útswaaien gjin rare fratsen úthelle. Sint en Pyt koene de reis nei Spanje derom rêstich oanfange.