02
apr
De Freonen fan Krite Grou LIVE!
In live musykmiddei yn Grootcafé Treemter, foar jong en âld! Mei ferskate musykgenres en foar in grut part komme de artysten fan dizze middei út Grou sels!
Sytske, Gosse & Romke spylje de moaiste popnûmers mei in bytsje SOUL der yn.
Dante & David binne ús jongste talinten en spylje akoestyske rock- en metalnûmers.
Anne Marije sjongt gefoelige ballads; in streakjen foar it ear.
Hot & Toasty: 3 froulju mei in breed repertoire, fan de 'Andrews Sisters' oant 'the Supremes'.
Mis it net en lit dy musikaal ferrasse op dizze earste Freonen fan Krite Grou LIVE!
Wês derby op sneintemiddei 2 april!
Entree: €7,50 (betelje kin oan de doar mei pin).
- Tijd: 15.30 - 17.30 oere.
- Locatie: Grootcafé Treemter
- Kosten: Entree: €7,50 (betelje kin oan de doar mei pin).