Repetysjes foar 'It Lân fan Neat' binne los!
GROU - Al liket it noch fier fuort: de repetysjes foar it Sint Pitermearke 2018 binne alwer yn folle gong! Sechstjin spilers sille ûnder regy fan Anja Steegstra 'It Lân fan Neat' foar it fuotljocht bringe. Krekt as ferline jier sil muzikant Remko Hoitsma de spilers muzikaal begeliede. De spilersploech is ek dit jier wer ferrassend te neamen. Bekende gesichten fan ôfrûne jierren, in oantal âlde rotten yn it fak, mar ek wer nij, jong talint dy’t foar it earst meispylje sille! Meiïnoar mei de ynset fan in grutte ploech produksjemeiwurkers hoopje sy ek dit jier wer in súksesfol mearke mei in hiele protte humor del te setten!
Yn it Lân fan Neat mei neat. Hielendal neat. De kening fan it lân, Kening Niksnakkesnada III regearret mei hurde hân. Der binne allegearre rigels: it folk mei net laitsje, net lûdop prate, de bern meie net boartsje of nei skoalle ta en de grutte minsken meie allinnich mar ite, sliepe en wurkje. >>>